Kaak orka op Skylge te sjen

dit is de kaak fan de orka
Op it strân fan Skylge is begjin desimber in kaak fan in orka fûn. De swarte bonke is sa'n 60 sintimeter lang en 20 sintimeter breed. Twa jonge eilânbewenners fûnen de bonke. Orka's komme net faak foar yn it Nederlânske part fan de Noardsee. Nei 1960 is trije kear in folsleine orka yn Nederlân oanspield.
De kaak fan de orka is op it stuit yn it Sintrum foar Natoer en Lânskip op Skylge te besjen.