Konflikt soarchgroep Pasana

der is in konflikt binnen de Pasana-groep
De rie fan tafersjoch fan soarchgroep Pasana yn Noardeast-Fryslân hat in konflikt mei de eigen direksje. In partij fan bûten sil besykje te bemiddeljen. Under Pasana falt ûnder oare sikehûs De Sionsberg yn Dokkum plus nochris fiif fersoargings- en ferpleechhûzen.
Wêr't it skeel oer giet, is ûndúdlik. It hat foarearst gjin gefolgen foar de soarch dy't bean wurdt en foar it persoaniel dat op 'e hichte steld is.