Truck mei piken yn 'e fangrail

In frachtauto mei piken is moandei by Ljouwert yn 'e fangrail riden. Dat wie op de westlike útfalsdyk. De sjauffeur (30) út Heerhugowaard rekke mei de tsjillen yn de berm. De frachtwein en oanhinger bedarre yn 'e fangrail. Net ien rekke ferwûne.
De wein is burgen en de dyk is wer frij. Earder moast ferkear op de A31 nei Harns oer de Poptawei omride en by Marsum de A31 wer op. De piken binne oerladen. In soad oerlibben it net.