Hearrenfean-Twente 1-2

Alves skoarde, mar miste ek in penalty
Sc Hearrenfean ferlear sneontejûn yn in moai fuotbalspektakel mei 2-1 fan de FC Twente. Thúsploech Hearrenfean hie yn de earste helte de bêste kânsen, mar koe it ferskil net meitsje. Afonso Alves miste in pennel. Dat die N'Kufo foar Twente net. Krekt foar it skoft slagge it Alves mei in frije traap wol (1-1).
Yn de twadde helte krige Twente it twadde doelpunt kado. Zuiverloon trape de bal nei Romano Denneboom: 1-2.