Wer winst Arjan Stroetinga

Arjan Stroetinga wint yn Breda (foto Martin de Jong)
Arjan Stroetinga wie sneontejûn wer ris de rapste. Yn de einsprint fan de 12e wedstriid om de KNSB Cup yn Breda fersloech de ynwenner fan Aldeberkeap Sjoerd Huisman (Andijk) en syn ploechmaat Bob de Vries (De Haule).
Bob de Vries bliuwt lieder fan it algemien klassemint. Hy hat 230,3 punten. Arjan Stroetinga, earder dizze wike ek al winner fan de wedstriid op natoeriis yn Haaksbergen, is twadde mei 214,5 punten.