Ferwûne by fjochtpartij

© Omrop Fryslân
By in fjochtpartij op It Hearrenfean binne freedtejûn trije man ferwûne rekke. It giet om in man (23) fan Langsweagen, in Harnzer fan 41 en in ynwenner (43) fan Frjentsjer. Se wiene mei in tal kollega's op stap yn it sintrum fan It Hearrenfean. Underweis nei in kafee krigen se rúzje mei in oar groepke stappers en der waard slein.
De twa manlju en in frou fan it oare groepke binne útnaaid yn in bestelbus.