Auto te wetter by Dronryp
In autobestjoerder (24) út Noardburgum is sneontemoarn betiid by de A31 by Dronryp yn de sleat rekke. Hy rekke troch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt. De man koe sels út de auto komme, mar wie wol wiet. Hy is nei de flechtstrook rûn.
Nei tsien minuten kaam der in auto foarby. De bestjoerder hat de helptsjinsten warskôge.