FNV posityf oer ferkeap Vos
Fakbûn FNV Bondgenoten is posityf oer de ferkeap fan de noardlike transportfestigings fan Vos Logistics oan de direkteur Edwin de Vries. It fakbûn tinkt dat der no rêst komt foar de goed 280 meiwurkers.
Vos Logistics kampt mei in soad skulden en ferkeapet dêrom ferskate bedriuwsûnderdielen. Vos Logistics hat neist de festiging yn Veendam ek noch in spoarterminal yn Ljouwert.