Turngala grut súkses

It turngala yn it turnsintrum fan It Hearrenfean wie freedtejûn in grut súkses. Mei 5000 taskôgers wie de hal stiif útferkocht. Der wiene in grut tal spektakulêre optredens te sjen. Under oaren Epke Zonderland fan De Lemmer joech in demonstraasje op de rekstôk.
Ek oare nasjonale en ynternasjonale toppers, lykas Yuri van Gelder, Paul Hamm en Vanessa Ferrari wiene fan de partij.