Henk de Jong mist oplieding

Henk de Jong © Omrop Fryslân
Assistint-trainer Henk de Jong fan Cambuur mei wer net meidwaan oan de oplieding foar trainer yn it betelle fuotbal. Hy helle op de testdei 79 punten en dat wie ien punt te min. Ferline jier slagge it De Jong ek net om de oplieding te heljen.
Dat betsjut dat De Jong no twa jier wachtsje moat foardat er wer besykje mei om de oplieding te heljen. Foar syn posysje by Cambuur hat it gjin gefolgen.