Toeristen lûke mei âlde foto's

© Omrop Fryslân
Tûzenen histoaryske foto's moatte der foar soargje dat der yn de takomst mear toeristen nei Fryslân ta komme. De foto's binne te finen yn it archyf fan Tresoar, mar fan sneon ôf ek te besjen fia de websides fan mear as fiiftich rekreaasjebedriuwen.
Dermei moatte net allinich de websides nijskjirriger wurde, ek is it de bedoeling de skiednis en kulteur fan Fryslân ûnder de oandacht te bringen fan de toeristen.