Hans Klok nei Ljouwert

21 des 2007 - 18:55

Nei in heal jier fulltime yn Las Vegas komt de ferneamde Nederlânske yllúzjonist Hans Klok yn april foar in optreden nei Ljouwert ta. Hy komt foar in koarte perioade werom nei Europa en sil dan op in beheind tal plakken optrede. It optreden fan 5 april yn de Harmonie yn Ljouwert is de offisjele start fan de Europeeske toernee. Syn assistinte by de shows yn Amearika, Pamela Andersson, komt net mei nei Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)