Fjoerwurkbrillen útferkocht

21 des 2007 - 18:49

Alle 400 spesjale fjoerwurkbrillen fan it MCL-sikehûs yn Ljouwert en yn Harns binne útferkocht. De brillen fan plestik binne bedoeld as beskerming foar de eagen by it ôfstekken fan fjoerwurk mei âld en nij. De ferkeap is goed in wike lyn út ein set en no binne se dus al wer op.

It wie foar it earst dat de brillen yn Fryslân ferkocht waarden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)