Kraanmasinist omkaam by wurk
In kraanmasinist fan it Ljouwerter Kraanferhierbedriuw Kielstra is freed om it libben kaam by in bedriuwsûngelok op it terrein fan it bedriuw.
De 58-jierige man út Earnewâld wie dwaande mei ûnderhâld oan de kraan, doe't in part fan de earm fan de kraan losrekke. It kaam boppe op de man telâne. De kraanmasinist wie op slach dea.