Fryslânpromoasje yn bûtenlân

© Omrop Fryslân
Fryslân liftet yn 2008 flink mei op it nije tema Nooitverwacht Nederland fan it Nederlânsk Buro foar Toerisme. Yn de kampanje sille ferskate Fryske attraksjes beljochte wurde. It NBT besiket elk jier mei tema's Nederlân yn it bûtenlân ûnder de oandacht te bringen. Yn 2008 wurdt ûnder oare omtinken frege foar it Hidde Nijland Museum yn Hylpen, de mummies fan Wiuwert en it sliepen yn 'e fjoertoer fan Harns.