Skoalbern Amelân besparje bot

21 des 2007 - 14:54

Tachtich learlingen fan de Boargemaster Walda Skoalle yn Nes op It Amelân binne der mei sparlampen yn slagge om yn twa moanne tiid 16 persint te besparjen op de útstjit fan CO2. Dêrmei hawwe se in weddenskip wûn fan wethâlder Nico Oud fan it Amelân. Dy hat har dêrom traktearre op in biologyske lunsj.

De skoalle krijt ek in waarstasjon dat oansletten wurde kin op de kompjûter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)