Ofspraken oer eksport

21 des 2007 - 14:41

Ljouwert moat in ynternasjonaal hannelssintrum krije. Dat wolle provinsje, gemeente, Keamer fan Keaphannel en it WTC Noard-Nederlân. Se hawwe dêr freed mei elkoar ôfspraken oer makke.

Foaral de Keamer fan Keaphannel en it WTC sille nauwer gearwurkje op it terrein fan de ynternasjonale hannel. Se geane tenei nei elkoars byienkomsten en sille elkoars netwurken mear brûke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)