TBS fan Van der E. ferlingd

21 des 2007 - 14:09

De TBS fan Marianne van der E. út Eanjum is mei in jier ferlingd. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert freed bepaald. Van der E. waard earder feroardiele foar de moard op twa manlju yn har pensjon yn Eanjum yn 1997.

Gewoanwei wurdt TBS foar in perioade fan twa jier oplein. Neffens de rjochtbank kin takom jier besjoen wurde oft Van der E. noch in gefaar foar de maatskippij is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)