Twadde Ofslútdyk foar enerzjy

In twadde Ofslútdyk moat enerzjy opleverje
Om enerzjy op te slaan soe der in twadde Ofslútdyk komme moatte. Wubbo Ockels wurket oan dit plan op fersyk fan steatsekretaris Huizinga fan Ferkear en Wettersteat.
De twadde dyk moat trije of fjouwer kilometer benoarden de Ofslútdyk komme. Tusken de beide diken yn ûntstiet dan in mar. Dat wurdt in bekken foar enerzjy. Troch seewetter mei ferfal yn 'e nije mar te litten, kinne turbines stroom opwekke.