AH bliuwt op Raadhuisplein

21 des 2007 - 11:53

Albert Heijn bliuwt foarearst belutsen by de bou fan it nije winkelsintrum oan it Riedhúsplein yn Drachten. Dat hat de rjochter bepaald. De AH sit al oan it plein, mar wol derwei omdat it dêr net genôch fertsjinnet.

Memmebedriuw Ahold woe in oare supermerk yn it sintrum pleatse. Mar behearder Redema út IJsselstein tinkt dat dy net genôch minsken lûkt en wol de AH behâlde. De rjochter hat bepaald dat de winkel bliuwe moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)