Swierrichheden Sc Hearrenfean
Trainer Gertjan Verbeek fan Sc Hearrenfean hat foar de wedstriid fan sneon tsjin Twente swierrichheden yn syn definsje. Kristian Bak Nielsen (ankel) en Michel Breuer (knibbel) binne net ynsetber. Calvin Jong-A-Pin en Henrico Drost komme no binnen de linen. Fierder kin Geert Arend Roorda noch net spylje en is Roy Beerens noch net wis.
Verbeek sit wol rom yn de oanfallers no't Afonso Alves wer meidwaan mei.