Fryske top 100 brekt rekôrd

21 des 2007 - 10:51

De Fryske Top 100 hellet dit jier in rekord tal stimmers. De teller stiet al op 7700 útbrochte stimmen, mar der kin noch oant en mei Twadde Krystdei stimd wurde. Ferline jier brochten 6700 minsken in stim út.

Tongersdei waard sawol by Omrop Fryslân op de radio as op de televyzje yn spesjale programma's omtinken jûn oan de Top 100. Dat smiet mear as 1000 reaksjes op. De Top-100 wurdt op Aldjiersdei útstjoerd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)