Motorrider ferwûne rekke

© Omrop Fryslân
In 50-jierrige motorrider út Tsjom is tongersdei yn Wommels ferwûne rekke by in ûngelok. De man ried op de Westergowei en soe by de ôfslach nei Winsum in auto ynhelje. Doe seach er in flechtheuvel oer de holle en dêr ried er boppe op. Hy waard troch de loft slingere.
De man is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.