Toeristen kinne Fryslân fine

20 des 2007 - 20:14

It tal toeristen groeit yn Fryslân hurder as it lanlik gemiddelde. Lanlik kamen der dik twa persint mear toeristen, yn Fryslân hast njoggen persint. Toeristen joegen foar mear as 900 miljoen euro út yn Fryslân. Dat is ek in foarse groei.

It tal Dútsers dat hjir mei fakânsje komt, nimt ôf. Dêr stiet tsjinoer dat der mear minsken út eigen lân en út België nei Fryslân komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)