Stipe foar gruttere groep

20 des 2007 - 20:08

Ljouwert ûndersiket oft in gruttere groep minsken yn oanmerking komme kin foar minimaregelingen. No is it noch sa dat allinnich minsken mei in ynkommen oant 105 prosint fan it wettelik minimumynkommen allerhanne fergoedings krije kinne. Dat giet dan om 6000 húshâldens.

Mar ek de groep dy't krekt wat mear jild hat, kin dan fan takom jier ôf in bydrage krije foar saken as in abonnemint foar in sportferiening.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)