Nije skoalle Ljouwert iepene

© Omrop Fryslân
Yn de Ljouwerter wenwyk Zuiderburen is tongersdei de nijbou fan de Prinses Maximaskoalle iepene. De skoalle siet oant no ta mei in oare skoalle yn ien gebou. Dat waard te lyts omdat der mear bern yn de wyk kaam binne te wenjen as at in pear jier lyn tocht waard.
De skoalle is bliid mei it nije ûnderkommen, mar soe noch wol graach sjen dat de ferkearssituaasje yn de buert feiliger wurdt.