Haltburo ferwachtet taname

© Omrop Fryslân
It Haltburo Fryslân ferwachtet in grutte taname fan jongeren dy't fanwege it te betiid ôfstekken fan fjoerwurk in alternative straf krije. Se moatte yn 'e earste wike fan jannewaris strjitfeie. Der steane al tweintich jonge fjoerwurkfandalen op 'e list.
Plysje en gemeenten sette dit jier noch mear yn op it pakken fan fjoerwurkfandalen. Ferline jier moasten 85 jongeren strjitfeie.