Bouplak bernesintrum socht

© Omrop Fryslân
De berne-opfang Achtkarspelen siket in stik grûn op 'e Harkema dêr't in nij bernesintrum komme kin. Yn it sintrum moat de opfang en de bûtenskoalske opfang komme. De organisaasje wol it leafst nijbouwe yn 'e buert fan de twa basisskoallen en de sportfoarsjennings yn it doarp. De bou moat yn 2008 begjinne.
As dat slagget, hat de berne-opfang Achtkarspelen trije plakken. Se sitte no al yn Bûtenpost en Surhústerfean.