Saak-Bolt begjint yn maaie

20 des 2007 - 11:25

De rjochtsaak tsjin de Harnzer frachtweinsjauffeur Klaas-Jan_Bolt begjint op 5 maaie. Bolt wachtet al trije jier yn in Frânske sel op syn proses. Justysje yn Frankryk fertinkt him fan drugssmokkel.

De SP hie Keamerfragen steld oer it foararrest. Minister Hirsch Ballin fynt it ek lang, mar hat der fierders neat oer te sizzen. It foararrest yn Nederlân ôfwachtsje mei nei fan de Frânske justysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)