Ferkearsproblemen oer

By Ljouwert wiene tongersdeitemoarn ferkearsproblemen troch ûngelokken. Dêrtroch wiene trije diken ôfsletten. It giet om de Hendrik Algrawei, de Oeriselsestrjitwei en de Wâldwei by de Werpsterhoeke. Op 'e Wâldwei barde it ûngelok moarns flak nei achten op it lêste stikje foar de oansluting mei de A31. Der wiene trije auto's en in frachtwein by belutsen. In frou is mei nekke- en rêchklachten nei it sikehûs brocht.