Ferkearsdrokte by Ljouwert

© Omrop Fryslân
By súdlike ynfalsdyk nei Ljouwert wiene tongersdeitemoarn problemen. By de Werpsterhoek binne fjouwer auto's en in frachtwein op elkoar botst. Ien persoan rekke ferwûne. Troch de oanriding wie in part fan de Wâldwei en de Oeriselsedyk ôfsletten. Ferkear dat út it suden de stêd yn wol waard omlaat. Ferkear út de rjochting Hârns moast oer Marsum en út de rjochting Drachten oer Burgum.