Boeren ferdield oer fúzje

Boeren reagearje ferdield op de fúzjeplannen fan Friesland Foods mei Campina. Troch de fúzje wurdt de nije suvelgigant de tredde spiler op de wrâldsuvelmerk, allinne noch mar foarôfgien troch Nestlé en Danone.
Watfoar gefolgen dat hat foar de boeren dy't de molke leverje, is net bekend. De ien tinkt dat it goed is foar de molkpriis, mar de oar is benaud dat der aanst te min konkurrinsje is.