'Mear enerzjysunige wenten'

© Omrop Fryslân
Yn gearwurking mei ferskate korporaasjes wol Smellingerlân de bou fan enerzjyskjinne wenten mear promoatsje. Dat sei wethâlder Nieske Ketelaar woansdei by de iepening fan in wenhûs dat folslein op eigen opwekte enerzjy draait.
Smellingerlân hat al plannen foar projekten mei wenten dy't minder enerzjy ferbrûke. In plan foar in wyk mei de saneamde enerzjynul wenten is der noch net.