Winst Stroetinga en De Vries

19 des 2007 - 21:52

Arjan Stroetinga fan Aldeberkeap hat de earste maraton op natoeriis wûn. Nei 125 rûntsjes op it moaie iis yn Haaksbergen wie hy woansdeitejûn de rapste yn de massasprint. Syn ploechmaat Bob de Vries (De Haule) waard twadde, Jan Maarten Heideman (Oldebroek) tredde.

By de froulju gong de oerwinning nei Elma de Vries fan De Haule. Elma ried tsien rûntsjes foar de ein - ek noch mei in falpartij - solo nei de streek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)