Wol kontrôle, gjin boetes

19 des 2007 - 19:37

Wa't syn rydbewiis net by him hie of fout parkearde, krige woansdei gjin boete. It is in aksje dy't de plysje de kommende tiid hâldt foar in better salaris. Minsken dy't dei en nacht klearsteane foar de boarger, moatte better beleane wurde, fine de fakbûnen.

De plysje is gewoan oan it wurk mei bygelyks ferkearskontrôles, mar it bonneboekje bliuwt yn de bûse. Oant de krystdagen wurde allinne grutte oertredings bekeurd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)