Priis enerzjysunige soarch

© Omrop Fryslân
De provinsje stelt in priis yn foar soarchynstellings dy't enerzjysunich wurkje. It giet om in bedrach fan 10.000 euro. De provinsje wol de ynstellings sa stimulearje om minder enerzjy te brûken of plannen te betinken om soks te dwaan.
De priis wurdt no ynsteld omdat in soad ynstellings neffens de provinsje it miljeu-aspekt wat út it each ferlieze. De priis soe in stimulâns wêze moatte om dit te trochbrekken.