It Haske foar breder publyk

© Omrop Fryslân
Jongereinsintrum It Haske yn Balk moat yn de takomst ek fakânsjefierende jongerein oansprekke. It Haske wurdt wiidweidich renovearre en moat nei de opknapbeurt in breder publyk oansprekke, lykas bern dy't mei heit en mem op fakânsje binne.
De renovaasje kostet 400.000 euro. Foar dat bedrach wurdt it gebou fernijd mar ek de programmearing oantrekliker makke. It sintrum biedt ûnderdak oan bern fan 12 jier ôf.