Gjiin wynmûnen by Slachtedyk

19 des 2007 - 14:25

Der komme foarearst gjin wynmûnen yn de omjouwing fan de Slachtedyk by Wommels. Fiif inisjatyfnimmers hawwe in wegering fan de gemeente om de mûnen ta te stean oanfochten by de Raad van State. Se hawwe dat berop ferlern.

Der wiene by Wommels plannen foar wol 30 mûnen fan 40 meter heech. It Fryske Gea, de behearder fan de Slachtedyk, hat dêr doe ek fûl beswier tsjin makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)