Plan foar grutte suvelfúzje

19 des 2007 - 12:45

De suvelûndernimmings Friesland Foods en Campina hawwe plannen foar in fúzje. De petearen oer sa'n fúzje binne al yn in fier stadium, sa hawwe de bedriuwen niiskrekt bekend makke.

De ûndernimmings ferwachtsje de mooglike fúzje healwei takom jier foarlizze te kinne oan de leden. De fúzje soe dan yn de twadde helte fan takom jier syn beslach krije moatte. Friesland Foods en Campina binne de grutste suvelprodusinten fan it lân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)