Gjin kontrôle studintehuzen

© Omrop Fryslân
In nije ryksregeling foarmt in bedriging foar de feiligens fan studintehuzen yn Ljouwert. De regeling fan it ryk sil ynhâlde dat allinne dy studintehuzen kontrolearre wurde dêr't op syn minst 5 minsken yn wenje.
Yn Ljouwert binne lykwols in soad huzen dêr't 4 of minder studinten wenje. Dizze hûzen soene dan net mear te kontrolearre wurde. Wethâlder Roel Sluiter fan Ljouwert wol no yn oerlis mei de oare studintestêden.