Waskmasine Fûgelpits stikken

19 des 2007 - 09:01

De Fûgelpits yn Moddergat is tiisdei begûn mei it mei de hân skjinmeitsjen fan 64 oaljeslachtoffers dy't de ôfrûne wike oanspielden op de eilannen. De Fûgelpits is wend om dit mei in spesjale waskmasine te dwaan, mar dy is stikken. Reparaasje kin pas as der in ûnderdiel út Frankryk oankommen is.

Gaatske Wiersma fynt dat spitich, want neffens har ha de fûgels folle mear stress fan it waskjen mei de hân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)