Sven Sportman fan it Jier

18 des 2007 - 22:18

Sven Kramer is tiisdeitejûn keazen ta Sportman fan it Jier. Syn kollegasporters keazen him op it Sportgala fan it Jier ta bêste sporter fan 2007. Hy waard dit jier Europeesk en wrâldkampioen by de allrounders en wûn de 5 en de 10 kilometer op it WK ôfstannen.

It is foar it earst dat er de titel fan wint. Kramer wûn de ferkiezing fan baanrenner Theo Bos en judoka Ruben Houkes, dy't ek nomineard wiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)