Legionella yn Lemster sporthal

18 des 2007 - 16:18

Yn sporthal en kultureel sintrum De Hege Fonnen op 'e Lemmer is legionella fûn. De dûsjes binne fuortendaliks ôfsletten. Se geane net earder wer iepen as dat de baktearje fuort is. De sporthal sels bliuwt gewoan iepen.

De Hege Fonnen hat sûnt ferline jier in nije wetterynstallaasje. Dy moat de kâns op legionellabesmetting sa lyts mooglik meitsje. Dûsjes dy't in skoft net brûkt wurde, wurde automatysk trochspield

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)