'Spitich dat Verbeek giet'

18 des 2007 - 16:04

De measte spilers fan 'e seleksje fan sc Hearrenfean fine it spitich dat trener Gertjan Verbeek oan 'e ein fan it seizoen fuortgiet. Byldbepalende spilers as oanfierder Michael Dingsdag, Michel Breuer en spits Gerald Sibon binne goed te sprekken oer de kwaliteiten fan Verbeek.

It nijs kaam as in ferrassing foar de spilers. Verbeek hat it nijs sels ûnder it middeisiten oan 'e fuotballers meidield.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)