Kryststâl yn Broeretsjerke

De Broeretsjerke Boalsert hat ynkoarten sûnt twa jier wer in libbene kryststâl. Ferline jier gie de tarieding mis en it jier dêrfoar wie der gjin stâl om't de ruïnetsjerke doe in oerkaping krige.
De libbene kryststâl is al goed tweintich jier in tradysje yn 'e stêd. Dit jier is de stâl fan freedtemiddei ôf in wike te sjen. Der binne skiep en in ezel. Ek trede der koaren en korpsen op en is der in krystfilm.