Snitser skopt en slein
In 49-jierrige ynwenner fan Snits is moandeitejûn oanhâlden foar mishanneling. Hy soe in 38-jierrige stedsgenoat skopt en yn it gesicht slein hawwe. De plysje krige de melding fan 'e mishanneling yn de Stasjonsstrjitte.
De ferwûne man is nei it sikehûs brocht. De fertochte melde him dêr letter ek. De plysje hat him dêr oanhâlden.