Wetterskip ferpleatst kade

18 des 2007 - 06:30

Wetterskip Fryslân sil de kade yn de Soestpolder ten easten fan Burgum opheegje en nei achteren ferpleatse. De kade wurdt oer in lingte fan 2,5 kilometer ferpleatst it lân yn en slút derby oan op de natuerlike hichte yn it lânskip. It opheegjen fan de kade by de Burgumermar is dan net nedich.

It wurk wurdt tagelyk útfierd mei de ynrjochting fan in gebiet foar wetterberging, it ferfangen fan in gemaal en natuerûntwikkeling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)