Poëzytocht lâns alve stêden

Teake Oppewal fan Tresoar lêst foar.
Hoe't it ek komt mei it waar: op 31 jannewaris komt der in Alvestêdetocht.
Kultureel en Historysk Sintrum Tresoar organisearret dan nammentlik in poëzytocht lâns de tradisjonele rûte. Yn alle alve stêden wurdt der in spesjaal festival hâlden wêr't gedichten foardroegen wurde. Doel is mear omtinken te freegjen foar Fryske gedichten. Oan 12 dichters is frege om in nij gedicht te meitsjen spesjaal foar dizze gelegenheid.