Koarnwertersân beskerme

© Omrop Fryslân
Koarnwertersân mei it slûzekompleks en de ferdigeningsstelling is troch de Rijksdienst Voor Argeologie en Monumenten útroppen ta beskerme doarpsgesicht.
Koarnwertersân is boud op ien fan de keunstmjittige wurkeilannen fan wêrôf de Ofslútdyk oanlein is. De stelling fan Koarnewertersân dy't yn de jierren '30 oanlein waard is neffens de tsjinst fan grut kultuur-histoarysk belang.