700-ste nijbouwente Ljouwert

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert is de 700-ste nijbouwente oplevere. Dat binne der 100 mear as ferline jier. It giet hjir om in rekord foar Ljouwert yn in jier tiid.
Op it momint stean der yn de omlizzende gemeenten in soad huzen leech. Wethâlder Sluiter pleitet wol foar in gemeentlike weryndieling. Allinich sa kin Ljouwert op koarte termyn groeie nei in gemeente mei mear as 100.000 ynwenners.